PvdA: wêrom makket De Fryske Marren noch gjin wurk fan Jouster Omkromte?

De fraksje fan de PvdA yn De Fryske Marren wol fan it kolleezje witte wêrom't de gemeente noch hieltyd gjin wurk makket fan it tagonklik meitsjen fan de Omkromte. De kwestje om it âlde kuierpaad spilet al sûnt 2015 en sels de Ried fan Steat en de gemeenteried hawwe al útspraken dien.
© Omrop Fryslân
"Een bezoek aan het pad maakt duidelijk dat de gemeente tot nu toe geen veranderingen heeft aangebracht," sa skriuwt de PvdA no. Wat stiet in iepenstelling noch yn 't paad, wol de fraksje witte. De PvdA wol graach dúdlikens foar bewenners en omwenners oer it útfieren fan de plannen foar iepenstelling.

Oerwoekere

De Omkromte ferbûn De Jouwer yn it ferline fia De Woudfennen mei Langwar. Neffens feriening Moai Skarsterlân is it fan histoaryske en ekologyske wearde en soe it wer in écht kuierpaad wurde moatte. Want it paad rint efter de huzen fan de Koaileane del en yn de rin fan de jierren pleatsten ferskate oanwenners stekken en buordsjes. It wie ûndúdlik oft it paad no iepenbier wie oft net.
Ferrifeljend is dat der hjoed-de-dei in oare dyk Omkromte hjit, mar dêr komt de âlde singel dwers op út. De 'âlde' Omkromte lei op de grins tusken de eardere gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl, oan de râne fan de beboude kom. It paad is oerwoekere en der binne ferskate stekken pleatst.

Kwestje sûnt 2015

It harrewarjen spilet al sûnt 2015. Ek de Ried fan Steat hat al in útspraak dien oer de Omkromte. De gemeenteried stimde yn oktober 2020 foar it iepenstellen. It soe betsjutte dat de gemeente De Fryske Marren optrede moat tsjin de stekken, buordsjes en begroeiïng. Guon omwenners wiene net bliid mei it beslút. Want in soad minsken binne der letter te wenjen kaam en der soe net goed kommunisearre wêze dat it om in iepenbier paad gie.