Efterfolgingsrider yn Feanwâlden ried ûnder ynfloed en sûnder rydbewiis

07 mrt 2021 - 10:35

De bestjoerder fan de auto dy't sneontemiddei nei in efterfolging yn Feanwâlden oan de kant set is, wie ûnder ynfloed fan alkohol en drugs en ried net mei in jildich rydbewiis. It giet om in 30-jierrige man fan De Westereen. Ek de byrider fan de man is oanholden, om't hy gjin ID-kaart by him hie. De plysje woe in kontrôle dwaan, mar de bestjoerder negearre it stopteken en naaide út.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Tsjin de bestjoerder en de byrider wurdt in proses-ferbaal opmakke. Foar de bestjoerder giet it om it riden sûnder jildich rydbewiis, it riden ûnder ynfloed en gefaarlik rydgedrach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)