FIDEO: Tsjerketsjinst út De Oase yn Drachten wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen live fan 10.00 oere ôf in tsjerketsjinst út. Dizze snein is dat út De Oase wei, de tsjerke fan de protestantske gemeente yn Drachten. Jak Verwaal en Roelof Akse binne de foargongers. Rein Albert Ferwerda bespilet it oargel en fierder is der sang fan Marten Kuiphof, Gjalt Veenstra en Jaap Spoelstra.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst fan snein 7 maart 2021. Snein 'Oculi,' de tredde snein yn de fjirtichdagetiid, de perioade fan besinning dy't oan Peaske foarôfgiet.