v.v. Surhuisterveen en 't Fean '58 ûndersykje gearwurking

07 mrt 2021 - 09:40

Fuotbalklups v.v. Surhuisterveen en 't Fean '58 ûndersykje in gearwurking. De bestjoeren hawwe Jaap van Bruggen fan Burgum frege om yn petear te gean mei minsken út alle lagen fan de klups. Hy wie yn 2019 ek belutsen by it ta stân kommen fan FC Burgum, fan BCV en VV Bergum. Yn maaie wol Van Bruggen de konklúzjes presintearje oan de klupleden.

Foto: v.v. Surhuisterveen | ’t Fean ’58 | Shutterstock.com (BIGANDT.COM)

Van Bruggen sjocht nei de leden, winsken de finânsjes en wol yn kaart bringe hoe't de klups derfoar steane. Yn maaie moat dan bliken dwaan oft der genôch draachflak is foar in fúzje. Alle opsjes lizze noch iepen, jout Van Bruggen oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)