Jongelju ferniele rút oan de Fuormanderij yn Hurdegaryp

07 mrt 2021 - 08:19

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in fernieling yn it winkelsintrum fan Hurdegaryp. Oan de Fuormanderij hawwe jongelju mei in stien in rút ynsmiten. It rút is dêrby stikken gien. De plysje waard krekt foar 21.00 oere alarmearre. Doe't de plysje op it plak kaam, wie de jongerein al nearne mear te bekennen.

Foto: Shutterstock.com (Steve Mann)

Neffens in wykagint fan Tytsjerksteradiel wurdt der oanjefte dien fan de fernieling. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)