Hearrenfean spilet matich, "maar als je wint heb ik daar schijt aan"

06 mrt 2021 - 23:20

It duorre fierstente lang dat Hearrenfean yn de wedstriid tsjin ADO Den Haag dien wurk makke. It spul like soms ek net al te bêst, mar, "als je wint heb ik daar schijt aan", sa laket Jan Paul van Hecke nei ôfrin.

Jan Paul van Hecke

"Het ging heel erg op en neer, het had de eerste helft wel 2-2 kunnen worden", sa fettet Van Hecke de wedstriid gear. "We krijgen de tweede helft zoveel ruimte dat je het wel af moet maken, en dat doen we dan ook. Met de snelheid van Veerman en Van Bergen is het voor ons kassa."

Uteinlik binne it allinnich de punten dy't telle, seit de rjochtsback. "Zeker omdat we een moeilijke fase hebben gehad. Dan is het belangrijk dat je nu weer aansluit voor de play-offs."

Henk Veerman

De Feansters diene der fierstente lang oer om ôf te rekkenjen mei ADO, seit Henk Veerman. "Dat dachten we allemaal. Al had ik vooral in de tweede helft wel het gevoel dat we het volledig onder controle hadden." De oanfierder wie ek net te sprekken oer it spul. "We spelen eigenlijk een draak van een wedstrijd."

Nei in goeie start kakte Hearrenfean yn de earste helte yn. "Ze maakten hun middenveld iets groter, ons middenveld had het moeilijk om die gaten dicht te lopen. Dat losten we in de eerste helft niet goed genoeg op."

Johnny Jansen

Om de play-offs om Europeesk fuotbal te heljen moat Hearrenfean by de bêste acht einigje. Grutste konkurrinten dêrfoar binne FC Twente en FC Utrecht. Twente spile sneon lyk en hat noch trije punten foarsprong op de Feansters. Utrecht hat ien punt foarsprong mei noch twa wedstriden tegoede.

(Advertinsje)
(Advertinsje)