Aris stiet lang foar mar ferliest krekt foar tiid fan Den Bosch

De basketballers fan Aris ha sneontejûn foar de sânde kear op rige ferlern. De Ljouwerters stiene lang op foarsprong, mar krekt foar it ein gie de winst dochs nei Den Bosch: 72-74.
© Aris Ljouwert
Nei in goeie kompetysjestart ha de Ljouwerters it de lêste wiken dreech. De lêste seis wedstriden waarden ferlern en de klup rekke dizze wike Craig Osaikhwuwuomwan kwyt. Tsjin Den Bosch sette Aris goed útein en stie nei it earste kwart sels 18-16 foar. Aris de foarsprong yn it twadde perioade útwreidzje nei 34-29.
De Ljouwerters holden dy foarsprong yn it tredde kwart mei muoite wer fêst, want Den Bosch kaam hieltyd tichterby: 55-52. Krekt foar it ein fan de wedstriid kamen de besikers ek nochris op foarsprong. It waard 72-74.

Net nei de kampioenspûl

Aris wie al útskeakele foar de kampioenspûl. De Ljouwerters moasten by de earst seis einigje en stean mei noch ien wedstriid te gean op it njoggende plak mei acht punten efterstân op nûmer seis Yoast United.