Hearrenfean rekkenet pas let ôf mei ADO Den Haag

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn ADO Den Haag mei 3-0 ferslein. Nei in betiid doelpunt fan Siem de Jong bleau it lang spannend, mar troch lette doelpunten fan Veerman&Veerman makken de Feansters dochs dien wurk.
© Orange Pictures
It waard 3-0, mar Arjen de Boer die live ferslach fan fjouwer doelpunten
De Feansters woene nei ferliespartijen tsjin Ajax (0-3, yn de beker), PEC Zwolle (4-1) en in lykspul tsjin FC Groningen (1-1) wer ris winne. Yn de striid om de play-offs om Europeesk fuotbal te heljen, kin Hearrenfean gjin misstappen mear begean.

Rappe foarsprong

Dat like Siem de Jong him ek te realisearjen. Nei noch gjin acht minuten krige de middenfjilder de bal fan Mitchell van Bergen en skeat. Dy bal kaam fia in ADO-ferdigener werom by de Jong en yn twadde ynstânsje knalde hy de bal mei links hurd yn de fiere hoeke: 1-0.

Hearrenfean komt goed fuort

De Feansters fûnen dat dúdlik net genôch, want se bleaune folop oanfallen en krigen ek aardich wat kânsen. It oanfallende spul soarge lykwols ek romte op foar ADO, dat fia Bobby Adekanye en Michiel Kramer hiel gefaarlik waard. Mar de Hagenezen krigen de bal net efter Erwin Mulder.
Nei in bal op de hân fan Rami Kaib tochten de besikers ek in strafskop te krijen. Skiedsrjochter Björn Kuipers, dy't bystien waard troch assistint-skiedrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp en fjirde official Jesse Rozendal fan De Westereen, wie it dêr lykwols net mei iens.
It mindere spul oan de ein fan de earste helte die de Feansters realisearjen dat se gas by jaan moasten. De manlju fan Johnny Jansen sochten nei it skoft dan ek foaral de oanfal. Dat levere wol wat kânskes op, mar in doelpunt kaam der net út.

Lang om let dien wurk

Dêrtroch holden de Feansters it spannend, want yntusken kaam ek Den Haag noch in pear kear gefaarlik foar it doel fan Mulder. Yn de 78e minút makke Hearrenfean dan lang om let dien wurk. Henk Veerman waard de djipte ynstjoerd en roste de bal hurd efter Martin Fraisl. De Volendammer tocht in pear minuten letter in assist te jaan op nammegenoat Joey, mar spits stie bûtenspul.
De jongste fan de twa Veermannen makke krekt foar tiid dochs noch in doelpunt. Op oanjaan fan Rami Hajal skeat de middenfjilder de 3-0 noch binnen. Hajal en ek Benjamin Nygren krigen noch kânsen op 4-0, mar wiene net sekuer genôch.
Trainer Johnny Jansen krige noch wol in ôffaller te ferwurkjen, want doelpuntemakker Siem de Jong moast in kertier foar tiid it fjild mei in blessure ferlitte.

Europeesk fuotbal

Om de play-offs om Europeesk fuotbal te heljen moat Hearrenfean by de bêste acht einigje. Grutste konkurrinten dêrfoar binne FC Twente en FC Utrecht. Twente spile sneon lyk en hat noch trije punten foarsprong op de Feansters. Utrecht hat ien punt foarsprong mei noch twa wedstriden tegoede.
SC Hearrenfean - ADO Den Haag 3-0 (1-0). 8. De Jong 1-0, 78. H. Veerman 2-0, 89. J. Veerman 3-0.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Van Hecke, Dresevic, Bochniewicz, Kaib (63/Woudenberg); Halilovic (63/Kongolo), Schöne, J. Veerman, De Jong (74/Hajal); Van Bergen (74/Nygren), H. Veerman.