Plysjewein skansearre nei wylde achterfolging by Feanwâlden

06 mrt 2021 - 20:52

De plysje hat twa mannen oanholden nei in wylde achterfolging oer de Sintrale As by Feanwâlden. Dat meldt in tsjûge. In plysjewein rekke dêrby wat skansearre, en op it plak dêr't de mannen klemriden binne, sneuvele in tal pealtsjes.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

In wurdfierder fan de plysje koe sneontejûn net sizze wat der presys oan de hân wie, of wêrom't de mannen op de flecht wiene. Beide mannen besochten noch út te naaien doe't se klemriden wiene, mar de plysje koe se gau te pakken krije.

De mannen waarden klemriden op de Boppewei, neidat se by Feanwâlden fan de Sintrale As ôf gien wiene. Se waarden achternei sitten troch meardere plysjeauto's mei swaailjocht en sirene.

Plysjes hiene de dyk tydlik ôfsletten. By de ôfrit ha se mei in hûn socht nei guod. It is net dúdlik oft der wat oantroffen is. De bestjoerder soe mooglik mei drank of drugs op riden ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)