Schulting hie 'geheim' doel: "Die 500 meter moest in de ploeg blijven"

06 mrt 2021 - 20:01

Suzanne Schulting belibbe sneon in geweldige dei op it wrâldkampioenskip shorttrack. De shorttrackster fan De Tynje pakte goud op de 1.500 en 500 meter. Foaral de oerwinning op dy lêste ofstân wie wichtich foar har, omdat de 500 meter op it foarige WK wûn waard troch lângenoate Lara van Ruijven. Sy ferstoar yn 2020.

Suzanne Schulting emosjoneel nei beheljen 'geheim' doel

Schulting fertelde foarôf hast gjinien oer har doel. "De 500 meter maakte me veel uit, maar ik vertel jullie niet altijd alles", laket Schulting. Sels har teamgenoaten wisten der neat fan. "Ik heb het alleen verteld aan mensen die heel dichtbij me staan. Het was echt iets voor mezelf."

Dat hat alles te krijen mei it ferstjerren fan lân- en teamgenoat Lara van Ruijen. "Toen we terugreden uit het ziekenhuis en we afscheid hadden genomen van Lara, toen was het eerste wat ik dacht: 'die 500 meter titel moet binnen de ploeg blijven", fertelt Schulting. "Ik heb de hele zomer doorgewerkt om beter te worden. Ik ben heel erg blij dat het is gelukt."

Titel ferdigenje

Nei in goeie earste dei stiet Schulting no mei flinke marzje earste yn it klassemint. Dochs moat se snein noch flink oan de bak. "Ik heb morgen op de 1.000 meter nog een titel te verdedigen, dus focus houden naar morgen. Die wil ik ook gewoon behouden."

Itzhak de Laat oer de earste dei fan it WK

Itzhak de Laat hie sneon in dei mei twa gesichten. De Ljouwerter pakte syn earste yndividuele medalje op in WK troch sulver te pakke op de 1.500 meter, mar waard op de 500 meter útskeakele. Hy wie dan ek noch net hielendal tefreden oer de earste dei fan it wrâldkampioenskip. "Ik denk dat het vanavond nog wel het besef komt dat je toch de tweede van de wereld bent."

De Laat hie winne kinnen

De Ljouwerter ride it grutste part fan de 1.500 meter op it twadde plak. "Ik was misschien een beetje verbaasd dat ik zo makkelijk in die positie kwam. Na de finish kwam een beetje het besef: ik had eigenlijk kunnen winnen. Vandaar de ingetogen finish."

Op de 500 meter ferrûn it dúdlik minder foar de Ljouwerter troch in falpartij yn de kwartfinale. "Soms gaat het in shorttrack heel snel. Ik had het idee dat degene voor me een blokje wegtikte waar ik op ging staan. het ene moment dacht ik ik kan hem de volgende bocht pakken, en in één keer was het boem, Weg. Het is shortrackpech, ik kan mezelf dat niet kwalijk nemen."

Sjinkie Knegt baalt fan twa penalty's

Foar Sjinkie Knegt wie sneon elts gefal in minne dei. Hy waard op sawol de 1.500 as de 500 meter útskeakele troch in penalty. "Je kinne der neat oan dwaan, he, de skiedsrjochter is de baas. Dus ik moat it efter my dellizze." Beide straffen wiene net terjochte, seit de Bantegeaster. "It wie beide kearen in selde sitewaasje. De bûtensteander moat nei de side gean en dat barde net. Der binne yn july nije regels kaam, dêr moat elkenien harren oan hâlde."

'Biesma hat de ISU-meeting mist'

Neffens de Bantegeaster waarden de âlde regels brûkt. "At de skiedsrjochter dan it âlde systeem hantearret, dan is it ferrekte lestich foar in rider. Ik wie derfan oertsjûge dat ik gewoan yn myn rjocht stie. Ik helle oan de binnenkant yn, en dejinge fan bûten sprong op my. Dejinge oan de bûtenkant moat my romte jaan."

Knegt is dan ek net wiis mei it optreden fan Berltsumer fideoskiedsrjochter Gialt Biesma. "Ik tink dat hy gewoan de hiele ISU-meeting mist hat en gewoan lekker trochgiet op it âlde systeem. Sa spitich is it. Ik begryp it ek wol, wy ha net folle wedstriden riden, mar sy ha ek net folle wedstriden fluite."

(Advertinsje)
(Advertinsje)