WEROMBLIK: It Fryske boekebal yn earder tiden

06 mrt 2021 - 19:57

It earste Fryske Boekebal wie yn 1997. It wie de iepening fan de Fryske Boekewike. Dat evenemint waard doe al in pear jier organisearre troch stichting It Fryske Boek om't de Fryske literatuer yn de boekwinkels net genôch omtinken krije soe. Dy earste jierren waard de boekewike iepene mei it Skriuwersmiel, in literêr itentsje foar skriuwers. Om de lêzers der mear by te belûken krige Fryslân yn 1997, nei Amsterdamsk foarbyld, in eigen boekebal.

Oars as oare jierren wie yn 1997 de opmaat ta de Fryske boekewike net it Skriuwersmiel mar in Frysk boekebal. Yn de Pleats yn Burgum wie de try-out fan wat letter útgroeie moast ta in tradysje:

By de iepening fan de Fryske Boekewike yn 1998 waard konstatearre dat der net folle nij Frysk skriuwerstalint wie. It Fryske Boekebal luts doe sawat 200 skriuwers, lêzers, útjouwers en oare pommeranten nei de Koornbeurs yn Frjentsjer.

Yn 1998 gie it neffens de oanwêzige útjouwers goed mei de ferkeap fan Fryske boeken, mar wiene der lykwols te min jonge skriuwers:

Sjoch foar mear oer skriuwersgroep De Blauwe Fedde en oare Fryske skriuwers út Grins nei de dokumintêre Fryske skriuwers yn Grins út 1996 op Weromrop.

Mar nei in tredde edysje yn de Koornbeurs yn Frjentsjer yn 1999 hold it Fryske boekebal op te bestean. Organisator Stichting It Fryske Boek fûn dat der te min minsken op it evenemint ôfkamen.

Net allinne de lêzers mar benammen de skriuwers lieten it ôfwitte. Yn 2000 moast der dêrom nei in alternatyf socht wurde:

In jier letter pakte Piter Boersma fan it Skriuwersboun it boekebal wer op. It Fryske boekefeest dat hy yn 2001 yn Theater Romein yn Ljouwert organisearre, waard in suksesfolle edysje. Wer wie it de aktive dielname fan jonge Fryske skriuwers út Grins dy't oansloech.

De 300 besikers moasten rûlearje tusken de ferskate programma-ûnderdielen en dat soarge foar fleurige gesichten en sfear op it boekebal fan 2001:

Yn 2008 wie der leafst de kar út twa Fryske boekefeesten. Skriuwer Eeltsje Hettinga organisearre in alternatyf boekebal, om't it offisjele feest - yn de wurden fan skriuwer Trinus Riemersma - 'in stive boel' wêze soe.

Programmamakkers Herman Zeilstra en Halbe-Piter Claus goaiden kop of munt foar wa't nei hokker feest gean soe:

Fan it Nederlânske boekebal hiene der doe ek al in stikmannich offisjele en alternative ferzjes west. Yn 2009 stie it alternative boekebal yn poptimpel Paradiso yn Amsterdam yn it ramt fan de Fryske literatuer. Skriuwers dy't net útnûge wiene foar it lanlike offisjele boekebal yn de stedsskouboarch waarden op dat 'Bal der Geweigerden' fermakke troch Fryske sjongers en dichters.

Sjoch nei in reportaazje fan Omrop Fryslân út 2009 oer it Friezenbal yn Paradiso:

Mear oer Fryske skriuwers, Fryske boeken en it boekebal fan 1999 út it argyf fan Omrop Fryslân op Weromrop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)