Nederlânske froulju en manlju troch nei relayfinale op WK

06 mrt 2021 - 17:56

De Nederlânske efterfolgingsploegen hawwe op it wrâldkampioenskip shorttrack de finale helle. Sawol de froulju as de manlju winne harren heale finale, wêrtroch't se snein om de medaljes stride meie.

Foto: Orange Pictures

Neist Suzanne Schulting is Rianne de Vries de twadde Friezinne yn de relayploech by de froulju, dy't yn de heale finale fierder bestiet út Yara van Kerkhof en Selma Poutsma.

It like derop dat de Nederlânske froulju yn de heale finale it dwaan moasten mei in twadde plak efter Italië. Mar yn de lêste meters drukte se har reed earder oer de finish as de Italiaanske.

By de manlju komt Daan Breeuwsma yn aksje yn de ploech dy't foar trijekwart oer Friezen bestiet. Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat binne de oare Friezen en Jens van 't Wout de iennige net-Fries. De manlju kamen goed foar de dei en wûnen mei in rom ferskil fan ûnder oare Hongarije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)