LDODK ferliest topper tsjin KZ mei puntsje ferskil

De kuorballers fan LDODK ha sneontemiddei de topper tsjin KZ ferlern. De ploech út Terwispel en De Gordyk makke it spannend tsjin de Noard-Hollanners mar koe úteinlik gjin oerwinning pakke. It waard 21-20.
Erwin Zwart (argyffoto) © Orange Pictures
Ran Faber fan LDODK
It is spannend yn de Kuorbal League: nûmer twa LDODK hie mar ien punt mear as nûmer fiif KZ. De Friezen setten ek goed útein troch gau de foarsprong te pakken, mar rjochting it ein fan it earste kwart waard KZ sterker. By skoft hie de ploech út Koog aan de Zaan dan ek in lytse foarsprong: 12-11.
Yn de twadde helte waard it gau lyk en dêrnei holden de ploegen it goed spannend: Sawol LDODK as KZ krigen lang gjin foarsprong grutter as ien punt. Uteinlik pakten de Noard-Hollanners de winst mar krekt: 21-20.

Striid om play-offs

De ploech fan Terwispel/De Gordyk stiet nei acht wedstriden no op sân punten, dat leveret it tredde plak op. Se kinne sneon noch wol ynhelle wurde troch Blauw-Wit en Groen Geel, dy't tsjininoar spylje. LDODK moat by de bêste fjouwer einigje om mei te dwaan yn de play-offs en spilet hjirnei noch tsjin koprinner PKC en hikkesluter Oost-Arnhem.
Coach Henk Jan Mulder fan LDODK

KUORBAL LEAGUE

STÂN DUELS PUNTEN
1. PKC 8 16
2. Blauw Wit (A) 8 9
3. KZ 8 8
4. LDODK 8 7
5. Groen Geel 8 6
6. Oost-Arnhem 8 2