Plysje markearret lokaasje yn wetter by syktocht nei fermiste man

06 mrt 2021 - 19:03

De plysje hat wat oantroffen by de syktocht nei in fermiste man yn Ljouwert. Der is ûnder oare socht mei sonarboaten en hûnen. It plak dêr't wat fûn is, is markearre mei in giele boei.

Foto: ProNews

Neffens in wurdfierder liket it der net op dat it om in lichem giet, mar om dat mei sekerheid út te sluten moatte der dûkers komme.

Der wurdt al meardere dagen socht nei de fermiste man.

Trefwurden: 
Ljouwert fermissing
(Advertinsje)
(Advertinsje)