VC Snits ferliest earste wedstriid kampioenspûl fan Sliedrecht Sport

06 mrt 2021 - 17:28

VC Snits hat sneontemiddei de earste wedstriid fan de kampioenspûl ferlern. De follybalsters diene it goed yn de sets, mar ferlearen dochs mei 3-0 fan Sliedrecht Sport.

Foto: Orange Pictures

Sliedrecht stie it grutste diel fan de earste set op foarsprong, mar de Snitsers lieten de marzje net al te grut wurde. Rjochting it ein fan de set kamen de Snitsers lyk, mar de Súd-Hollanners pakten mei 25-23 dochs de winst.

Yn de twadde set holden de ploegen it earst opnij spannend, mar stadichoan wreide Sliedrecht de foarsprong út. De set einige yn 25-19. De Snitsers woene it doe dochs net opjaan en setten goed útein yn de tredde set troch de foarsprong te pakken. Dochs wie Sliedrecht opnij te sterk: 25-21.

Kampioenspûl

VC Snits stiet nei ien wedstriid op ien punt, dat se krigen omdat se yn de kompetysje tredde waarden. Yn de kampioenspûl steane se nei ien wedstriid op itselde plak. De bêste twa ploegen fan de kampioenspûl nimme it úteinlik tsjininoar op om de kampioen te bepalen. Mar earst moat Snits it noch twa kear opnimme tsjin Apollo en Zwolle, en nochris tsjin Sliedrecht.

Trainer Jeffrey Scharbaai oer de wedstriid

(Advertinsje)
(Advertinsje)