De Laat en Knegt helje finale net op 500 meter

Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat binne útskeakele op de 500 meter op it wrâldkampioenskip shorttrack. De Laat foel op de 500 meter yn de kwartfinale en trochdat hy net troch in oar ûnderút gie, wie de kwartfinale it einstasjon. Knegt foel ek yn de kwartfinale, waard taheakke oan de heale finale, mar dêr krige er in penalty.
© Orange Pictures
Knegt waard yn syn kwartfinale fjirde troch in fal, mar dêrby waard de Bantegeaster hindere. Hy mocht dus dochs troch nei de heale finale. Dêryn naam Knegt neffens de sjuery yn in fal de Kanadees Charles Hamelin mei. Hy krige in penalty en wie dus op 'e nij útskeakele foar de finale.
Dêryn wûn de Hongaar Shaoang Liu foar de Rus Semen Elistratov. De Italiaan Pietro Sighel einige as tredde, krekt foar Nederlanner Dylan Hoogerwerf.

Utslach 500 meter manlju

1. Shaoang Liu (HON)
2. Semen Elistratov (RUS)
3. Pietro Sighel (ITA)
4. Dylan Hoogerwerf
Yn it klassemint by de manlju giet de Kanadees Hamelin oan de lieding. Hy wûn de 1.500 meter sneon en stiet op 36 punten. Nûmer twa Shaoang Liu hat likefolle punten as Hamelin. De Laat stiet nei de twadde dei fan it wrâldkampioenskip op it fjirde plak mei 21 punten. Sjinkie Knegt helle gjin finale en pakte dus ek gjin punten.

Tuskenstân klassemint nei twa ôfstannen

1. Charles Hamelin (KAN) 36 punten
2. Shaoang Liu (HON) 36 punten
3. Semen Elistratov (RUS) 34 punten
4. Itzhak de Laat 21 punten
5. Pietro Sighel (ITA) 13 punten
6. Sandor Shaolin Liu (HON) 8 punten
7. Dylan Hoogerwerf 8 punten
8. Stijn Desmet (BEL) 5 punten
9. Luca Spechenhauser (ITA) 5 punten
10. Maxime Laoun (KAN) 3 punten
11. Konstantin Ivliev (RUS) 3 punten