Suzanne Schulting superieur mei twa wrâldtitels op ien dei

06 mrt 2021 - 16:50

Suzanne Schulting hat sneontemiddei op de 500 meter har twadde medalje fan it wrâldkampioenskip shorttrack helle. Nei de winst op de 1.500 meter, pakte de shorttrackster fan De Tynje op de 500 meter opnij goud. Dêrmei stiet se nei de earste dei boppe-oan yn it klassemint.

Foto: Orange Pictures

Yn de finale dominearret Schulting wer fan de begjin oant en mei de ein. De Italiaanske Arianna Fontana besiket it wol, mar komt net foarby Schulting. Lângenoate Selma Poutsma leit lang yn tredde posysje en besiket yn it lêste rûntsje noch wol om Fontana foarby te kommen, mar dat slagget net. Dêrtroch einigje de Nederlânske froulju op ien en trije.

It is Schulting har earste gouden WK-medalje op de 500 meter. Yn 2019 einige se as tredde op it WK yn it Bulgaarske Sofia.

Utslach 500 meter froulju

1. Suzanne Schulting
2. Arianna Fontana (ITA)
3. Selma Poutsma
4. Kristen Santos (FS)
Sofia Prosvirnova (RUS) (net finisht)

Yn it klassemint hat Schulting nei de twadde dei fan it wrâldkampioenskip in grutte foarsprong. Troch har beide oerwinnings stiet se op 68 punten. Nûmer twa Fontana stiet op 26 punten en de Kanadeeske Sarault is de nûmer trije mei 24 punten. De oare twa Nederlânske froulju steane op it fjirde en fiifde plak.

Tuskenstân klassemint nei twa ôfstannen

1. Suzanne Schulting 68 punten
2. Arianna Fontana (ITA) 26 punten
3. Courtney Sarault (KAN) 24 punten
4. Selma Poutsma 16 punten
5. Xandra Velzeboer 15 punten
6. Sofia Prosvirnova (RUS) 13 punten
7. Kristen Santos (FS) 8 punten
8. Hanne Desmet (BEL) 2 punten
9. Cynthia Mascitto (ITA) 1 punt
10. Nicole Mazur (POA) 1 punt
(Advertinsje)
(Advertinsje)