FIDEO: Finer earste ljipaai huldige yn provinsjehûs

07 mrt 2021 - 19:35

Foar it earst sûnt 2014 wurdt de finer fan it earste ljipaai wer huldige yn it provinsjehûs. De ôfrûne jierren wie de huldiging yn it fjild, mar om it nêst sa min mooglik te fersteuren, en om de coronamaatregels sa goed mooglik te hanthavenjen, is der no wer keazen foar it provinsjehûs.

Sa waard de finer fan it earste aai huldige

It earste ljipaai is om kertier oer tolven fûn troch Simon Spriensma (39) fan Dokkum. It lei yn in stik lân by Raard (Noardeast-Fryslân). Spriensma krijt de sulveren ljip út hannen fan de kommissaris fan de kening, Arno Brok.

Spriensma fûn it aai doe't er mei twa kammeraten oan it sykjen wie. Hy is der wakker wiis mei: "Dan stiest wol te triljen op de fuotten en it hert slacht in kear oer. It is machtich wat der dan bart."

(Advertinsje)
(Advertinsje)