RIVM meldt 179 nije coronabesmettingen yn Fryslân

06 mrt 2021 - 15:21

It RIVM meldt sneon 179 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der mear as freed, doe gie it om 172 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 156 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne dei meld yn de gemeenten Ljouwert (48), Súdwest-Fryslân (27) en Waadhoeke (20).

Der is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om in ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Der binne trije Friezen it sikehûs yn rekke mei it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân, Hearrenfean en Harns.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5.378 nije coronabesmettings konstatearre. Dat is mear as in dei earder.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)