Suzanne Schulting pakt earste wrâldtitel op WK shorttrack

06 mrt 2021 - 14:58

Suzanne Schulting is sneon wrâldkampioen wurden op de 1.500 meter. De shorttrackster fan De Tynje is yn de Sportboulevard yn Dordrecht oppermachtich. It is de earste wrâldtitel yn har karriêre op de 1.500 meter. Letter sneontemiddei fynt de 500 meter plak, dan komt Schulting wer yn aksje.

Foto: Orange Pictures

Schulting ried de 1.500 meter sa as se in hiel soad races rydt: se dominearre en ried in grut part op kop. Yn de lêste rûntsjes koenen de oare froulju har net mear byhelje. Efter Schulting einige de Kanadeeske Courtney Sarault as twadde. Ien fan de oare Nederlanners, Xandra Velzeboer, pakte op har earste wrâldkampioenskip fuortendaliks in brûnzen medalje. De tredde Nederlânske Selma Poutsma foel en waard sechde.

It is har earste medalje op in WK op dizze ôfstân: by de WK's yn 2017, 2018 en 2019 krige se in penalty by de 1.500 meter. Schulting waard earder dit seizoen ek al kampioen op de 1.500 meter by de Nederlânske en Europeeske kampioenskippen.

Utslach 1.500 meter froulju

1. Suzanne Schulting
2. Courtney Sarault (KAN)
3. Xandra Velzeboer
4. Sofia Prosvirnova (RUS)
5. Arianna Fontana (ITA)
6. Selma Poutsma
Hanne Desmet (BEL) penalty
(Advertinsje)
(Advertinsje)