Pier Eringa hâldt op by Connexxion fanwege corona

Pier Eringa hâldt op as CEO by Transdev Nederland, dêr't ûnder oare ferfierder Connexxion ûnder falt. Eringa, oarspronklik fan Burchwert, wurke sûnt 2019 by Transdev. Neffens de organisaasjes binne de taken fan de CEO troch it coronafirus sa feroare, dat Eringa sels besletten hat op te hâlden.
© ANP
Oanbestegingen yn it iepenbier ferfier binne stillein en der binne in soad soargen oer de takomst, skriuwt Transdev. Dy ûnwissens hat derfoar soarge dat Eringa it beslút nommen hat. Manu Lageirse nimt de taken fan Eringa oer. Eringa kaam yn 2019 by Transdev, hy ferliet doe ProRail.