FIDEO: De ôftraap fan de Fryske Boekewike

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 is te sjen by Omrop Fryslân. De útstjoering mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes foarmet de offisjele iepening fan de Fryske Boekewike. Yn ferbân mei de coronamaatregels dit jier gjin evenemint mei hûnderten minsken, mar mei de útstjoering kinsto de feestlike ôftraap dochs meibelibje, út dyn eigen hûs wei.
De hiele útstjoering is hjirûnder te sjen.
Hilda Talsma is de haadgast dizze jûn. De skriuwster fiert dit jier har 10-jierrich skriuwersjubileum en is frege om it Kadoboek foar de Fryske Boekewike te skriuwen. Dêrneist komme yn de útstjoering ferskate oare Fryske skriuwers oan it wurd. Oan tafel sitte, ûnder oare, Ad Peek (direkteur Van der Velde boekhannels) , Eveline Aendekerk (Direkteur CPNB) en Alex de Jager (direkteur fan de Afûk). Ek oan muzyk is dizze jûn gjin tekoart: it duo Weima & Van der Werf sil optrede.
Mei de feestlike ôftraap wurdt omtinken jûn oan de Fryske literatuer. De jûn wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân, yn gearwurking mei Omrop Fryslân en kultureel moetingsplak De Westertsjerke yn Ljouwert. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Karen Bies.
© Het Hoge Noorden, Jacob van Essen
"Wy dogge dy Fryske Boekewike al lang, mar de lêste trije jier dogge wy it tegearre mei de nasjonale Boekenweek," seit Alex de Jager, direkteur fan Afûk. "Dat wiene wy no ek fan doel, mar op in gegeven stuit waard dúdlik dat dy net trochgean soe om't sy it net oandoarden en it net sa by dizze tiid passe fûnen."
"Dêrom kamen wy ek foar de fraach wat wy dwaan woene mei de Fryske Boekewike. Der wie al in prachtich kadoboek skriuwe litten troch Hilda Talsma: Lockdownleafde. Mei sa'n boek kinne je net sizze, dat bringe wy net út yn dizze tiid. Dus wy hawwe besletten om de Fryske Boekewike wol gewoan trochgean te litten. As minsken dus in boek keapje, krije sy ek it boek fan Hilda Talsma derby."
De Jager hopet dat mear minsken Fryske boeken lêze sille. "Ien fan de dingen dy't wy wol hearre is: it is sa dreech om Fryske boeken te lêzen. Mar dy minsken soe ik oproppe om in boek te keapjen en gewoan Lockdownleafde efkes te besykjen. It is in tige tagonklik boek. It spilet him ôf mei de lockdown en it hat in moai happy end. Dat kinne wy ek wol brûke no."
It earste Fryske Boekebal wie yn 1997. It wie de iepening fan de Fryske Boekewike. Dat evenemint waard doe al in pear jier organisearre troch stichting It Fryske Boek om't de Fryske literatuer yn de boekwinkels net genôch omtinken krije soe. Sjoch hjir nei in weromblik op it Fryske boekebal yn earder tiden.