112 Water, SAR en Reddingsbrigade yn wetter op syk nei miste Ljouwerter

Minsken fan SAR Nederland (Search and Rescue), Reddingsbrigade Drachten en 112 Water binne sneon op 'e nij op syk nei de fermiste man út Ljouwert. De organisaasjes hâlde tagelyk in oefening. De syktocht wurdt oan de súdwestkant fan de binnenstêd dien, by it Van Harinxmakanaal, mei in tal sonarboaten en hûnen. De 64-jierrige Ljouwerter is sûnt snein fuort. De plysje hat earder ek al socht yn it wetter by de Willemskade yn Ljouwert.
Sjoch nei de reportaazje
De Ljouwerter is snein yn soarchlike tastân fan hûs gien. Sûnt dy tiid is der neat mear fan him fernaam. "Alle informatie is belangrijk," seit Richard Veldman fan 112 Water. "We gaan ervanuit dat hij in het water ligt omdat verhalen die richting uit wijzen, maar harde bewijzen zijn er nog niet voor. Meestal vinden we de persoon terug op de plek waar de persoon te water gegaan is, maar dat weten wij in dit geval natuurlijk niet."

Rap hannelje

Der geane ek hûnen mei. "En met sonar zoeken we onder water, maar we kijken ook gewoon om ons heen. We hopen toch voor de familie en nabestaanden zekerheid te kunnen geven." As de man echt yn it wetter telâne kaam, is it wichtich om rap te hanneljen. "Er staat een sterke stroming, dus het zoekgebied wordt met de dag groter. Dus we moeten zo snel mogelijk zoeken."
Richard Veldman fan 112 Water