Omrop TIP: Fryslân DOK oer winterguozzen

06 mrt 2021 - 10:01

As guozzen yn V-foarm oer it lân fleane, seit men: 'Winterwaar op komst'. Winters mei snie en iis binne seldsum hjoed-de-dei, mar guozzen binne der by 't soad. Fryslân DOK giet oer de fraach wat der mei de guozzen barre moat. Te sjen op sneon 6 maart by NPO2 en snein 7 maart by Omrop Fryslân.

It oantal oerwinterjende guozzen yn Nederlân is yn de ôfrûne fyftich jier tanommen fan hûnderten doe, oant miljoenen eksimplaren no. As it gerslân yn it Fryske 'ynskewielgebiet' troch guozzen opfretten wurdt, betellet de provinsje Fryslân de skea oan de boeren. It skeabedrach wurdt heger, omdat de fretskea oan it lân ek hieltyd grutter wurdt. Dus hat de provinsje yn 2017 bepaald dat in protte guozzen sketten wurde meie.

Guozzen op de Russyske toendra - Foto: Omrop Fryslân

Klimaatferoaring

Mar wat betsjutte dy maatregels op lange termyn? Troch klimaatferoaring soene der noch folle mear guozzen nei Nederlân komme kinne. Wat dogge we dermei? Filmmakker Albert Jensma freget it oan boeren, wittenskippers, guozzefangers, jagers en slachters.

Harm en Alle van der Wal mei harren guozzen - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK 'Winterwaar op komst'

  • Sneon 6 maart NPO2 om 15.30 oere (Nederlânsk ûndertitele, werhelling snein 7 maart 13.10 oere)
  • Snein 7 maart Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren)

(Dizze dokumintêre is earder útstjoerd yn jannewaris 2020.)

(Advertinsje)
(Advertinsje)