Fytstunnel oanlein ûnder Zuidwalweg by Harns

By Harns wurdt dit wykein hurd wurke oan de oanlis fan in fytstunnel ûnder de Zuidwalweg (N390). De tunnel is de lêste skeakel dy't nedich is om it projekt fan it nije fytspaad Winaam-Mullum mooglik te meitsjen. De Zuidwalweg is twa wykeinen ôfsletten foar alle wurksumheden dy't nedich binne.
© CAMJO media
Freed is der al tariedend wurk oan de N390 dien. Sneon wurde de prefab tunneleleminten fan beton pleatst en snein wurdt der wurke oan it oanfoljen en opbouwen fan de dyk, it talúd en berms. Oer twa wykeinen is de dyk nochris ticht om't der in definitive asfaltlaach oanlein wurdt. Oannimmer Oosterhof-Holman pleatst de tunnel.
Mei it nije fytspaad kinne skoalbern fan Winaam feiliger nei basisskoalle Middelstein yn Mullum komme. It betonpaad leit der al in skoft. De provinsje hat in subsydzje fan 200.000 euro beskikber steld út it programma Fyts!mpuls.
Sa moat de tunnel der út komme te sjen © Oosterhof-Holman