'Heerenveen ’n Gouden Plak' krijt mear taken: stichting mei eveneminteburo

06 mrt 2021 - 08:55

Gemeente Hearrenfean wreidet de taken fan de 'Regio Heerenveen 'n Gouden Plak' út. Dizze feriening foar regiomarketing is opset om It Hearrenfean en omkriten mear op de kaart te setten. Fan 1 maaie ôf wurdt it lykwols in stichting. Der komt ek in eveneminteburo ûnder, dat besteande eveneminte-organisaasjes yn de gemeente stypje moat.

Regio Heerenveen 'n Gouden Plak - Foto: Gemeente Heerenveen

It biedwurd 'Heerenveen 'n Gouden Plak ' is yn 2013 bekend makke op it muzykevenemint Night of the Koemarkt op It Hearrenfean. Sûnt 2014 is de regiomarketing-organisaasje aktyf, wêrby't de klam leit op it sportkarakter fan de gemeente.

Hearrenfean jout oan dat it fierder profesjonalisearje wol en dat 'n Gouden Plak dêrom mear taken krijt. De organisaasje is dêrom ek op syk nei nije bestjoersleden foar de stichting dy't it tenei is. Dat moatte minsken mei kennis oer it marketing en eveneminten wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)