Ferbouwing De Harmonie yn ferbân mei corona: grutte sealen yntimer

De Harmonie yn Ljouwert hat de trije sealen in grutte metamorfoaze jûn. De stedsskouboarch hat hjir in lanlike subsudzje foar krigen fan it Kickstartfonds en in bydrage fan sponsoaren. De gewoanwei grutte sealen binne no yntimer makke, om't der troch de coronakrisis minder minsken byinoar komme meie. Wol kin der maklik skeakele wurde as de maatregels wer rommer wurde: fan 30 man publyk, mei 1,5 meter ôfstân hâlde oant goed 100 minsken yn de grutste seal.
Sjoch nei de reportaazje
"In de grote zalen heb je met de coronamaatregelen het gevoel dat je ver van elkaar zit en niet met elkaar bent. Met de nieuwe zalen hebben we de intimiteit in een grotere setting uitgewerkt", seit de direkteur fan De Harmonie, Marijke van der Woude. De grutte seal is omtsjoend ta in arena dy't tinken docht oan it dunen. De twa oare sealen moatte de sfear fan de see en de loft útstriele.

Fleksibel opstelle

De teäters binne yn dizze twadde lockdown alwer trije moannen ticht. Der is gjin perspektyf oer wannear't se wer iepen meie. As dat it gefal is dan sil it ek noch wol even duorje foardat alles wer by it âlde is. "Ik denk dat je je als theater enorm flexibel moet blijven opstellen. Je moet constant kijken wat er allemaal gebeurt en iedere keer iets nieuws bedenken om als theater bezig te kunnen blijven", seit Van der Woude.