Veiligheidsregio en COA wiene net klear foar corona-útbraak azc Snits

06 mrt 2021 - 17:59

Minne kommunikaasje, mieningsferskillen oer de oanpak en ûndúdlikens oer wa't de baas is: der gie in soad mis doe't Noard-Nederlân foar it earst te krijen hie mei in corona-útbraak yn in azc. Dat wie hast in jier lyn, yn Snits.

Foto: Omrop Fryslan

Begjin maaie waard dúdlik dat der sprake wie fan in útbraak yn it azc fan Snits. Fan 22 bewenners wie fêststeld dat se besmet wiene mei it coronafirus. It azc gie 72 oeren yn lockdown.

It liket derop dat der gjin lessen leard binne út de útbraak yn Snits, as der moannen letter opnij in útbraak is yn in azc, no yn Delfzijl. Dat docht bliken út in rekonstruksje fan RTV Noord.

Dizze rekonstruksje is basearre op ynformaasje dy't RTV Noord ferkrigen hat troch in berop te dwaan op de Wet openbaarheid van bestuur (Wob). Der binne sân fersiken dien by de belutsen ynstânsjes en oerheden, dêr't alle notulen fan oerlizzen, notysjes, evaluaasjes en WhatsApp-ferkear oer de corona-útbraken yn Snits en Delfzijl opfrege binne.

Ien wike nei de útbraak yn it azc fan Snits wurde tsientallen asylsikers tydlik oerpleatst nei in legerkazerne yn Zoutkamp. Dat bart nei oerlis tusken it COA, Veiligheidsregio Fryslân en de ministearje fan Definsje, Justysje en Feiligens. De lockdown fan it azc fan Snits, dy't trije dagen duorre, wie net nei it sin fan it COA.

Minne tarieding soarge foar ûndúdlikheid en fertraging

Ut in evaluaasje docht bliken dat efter de skermen diskusje west hat oer wa't it eins foar it sizzen hie by in firusútbraak: it COA, de gemeente of de Veiligheidsregio. Dat soarge foar fertraging yn de besluten.

It buro dat de gong fan saken evaluearre, konstatearret dat it COA en Veiligheidsregio Fryslân net goed taret wiene op in útbraak yn it azc fan Snits.

It rapport konkludearret ek dat azc's te krap binne om bewenners yn karantêne te hâlden. Der wenje te folle minsken en de romten binne te lyts om genôch ôfstân te hâlden.

Martijn Folkers fan RTV Noord

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn it evaluaasjerapport oer de útbraak yn Snits stiet ek dat de Veiligheidsregio fan Grinslân him oerfallen fielde troch de oankundige oerpleatsing fan de asylsikers fan Snits nei Zoutkmap.

De gearwurking tusken beide Veiligheidsregio's ferrûn lestich, docht bliken út it rapport: "Na onduidelijkheid over de testresultaten en noodzakelijke duur van de isolatie/quarantaine, kiest Groningen ervoor om de bewoners opnieuw te testen."

Omrop Fryslân hat de konklúzjes fan de rekonstruksje foarlein oan de Fryske Veiligheidsregio. In wurdfierder lit witte dat der 'yn de drege omstannichheden' fan it momint 'slachfeardich' hannele is. "Door deze aanpak is het virus snel ingedamd."

Trefwurden: 
Snits AZC coronafirus AZC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)