Frou ferwûne by stekynsidint yn wenwyk Grou: resjerzje docht ûndersyk

In frou yn Grou is yn de nacht fan freed op sneon ferwûne rekke troch in stekynsidint. De plysje docht ûndersyk yn en om in hûs oan de Lyts Blijema. It is net bekend wat der krekt bard is, dêrom siket de plysje tsjûgen. Mooglik hat der noch in persoan by de wente west. De frou is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Yntusken is it slachtoffer wer nei hûs.
© Noordernieuws/De Vries Media
De melding fan it ynsidint waard om 03.45 oere hinne dien. De resjerzje docht ûndersyk nei it foarfal, der wurdt besocht spoaren te finen om in byld te krijen fan wat him yn Grou ôfspile hat. Der is earst technysk ûndersyk dien nei spoaren, dêr is ek in hûn foar ynset. Neffens in wurdfierder fan de plysje sil der mooglik yn de rin fan de moarn ûndersyk dien wurde yn de buert.
De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe of minsken dy't kamerabylden fan de omjouwing hawwe, om kontakt op te nimmen.
Kalina Pruntel fan de plysje