Cambuur wint mei muoite fan Telstar: "Je maakt het jezelf lastig, heel onnodig"

06 mrt 2021 - 00:06

Cambuur wûn freedtejûn wol fan Telstar (3-1), mar fan herte gie it net. De Ljouwerters misten in protte kânsen, seach ek Doke Schmidt: "Dat is gewoon zonde, dan maak je het jezelf gewoon moeilijk, heel onnodig."

Doke Schmidt

"Een goed eerste halfuur, maar zonder te overdrijven denk ik dat we er vier of vijf kunnen maken. Dat doen we niet en dan krijg je er ook nog één tegen", sa seit Schmidt. Mar úteinlik is it allinnich it resultaat dat telt, realisearret de Feanster him. "Liever met mooi voetbal, maar het belangrijkste zijn de drie punten, die hebben we."

'Dat zijn mensen niet van me gewend'

Schmidt liet him freedtejûn fan syn goeie kant sjen troch in goeie bal dy't it earste doelpunt oplevere en de rjochtsback spile ek nochris in tsjinstanner prachtich út. Hy kin der wol om laitsje: "Ik weet dat mensen dat niet gewend van me zijn dus het zal niet vaak voorkomen."

"Ik zag een moment en dacht: als ik hem er in één keer eromheen tik ben ik vrij. Helaas legt Ragnar (Oratmangoen, red.) hem niet binnen, anders was het een mooie goal geweest." Neffens ferslachjouwer Geert van Tuinen soe de aksje de wrâld oergean, at it in doelpunt wurden wie. "Misschien als Messi het deed", laket Schmidt.

Henk de Jong: "We hiene dikke kânsen"

Trainer Henk de Jong seach ek dat Cambuur it fizier net op skerp hie. "We hiene dikke kânsen, Ragnar Oratmangoen moat trije as fjouwer kear skoare, Giovanni Korte moat trije skoare. Dat dogge se net mei sin, mar dy moatte wol binnen. Dan roppe je it oer jesels ôf."

Henk de Jong oer Cambuur-Telstar

De Jong wit net hoe't it koe dat it net hielendal goed rûn. "It wie miskien de eufory fan de lêste wiken, dat we alles winne. Dat it hiel deeglik stiet. Of miskien is it wat wurgens."

Blessueren en krupsjes

Issa Kallon moast al betiid nei de kant mei in blessuere. "Dy bist wiken kwyt, dat tink ik al. Dus dat is efkes hiel ferfelend foar Issa. Sa ha we wat mear krupsjes. Dat hat noch hieltyd mei de trije wedstriden yn in wike te krijen", ferklearret de Drachtster.

De folgjende wedstriid fan de Ljouwerters is tsjin Go Ahead Eagles, de konkurrint yn de striid om de perioadetitel. "We wolle alles pakke", seit De Jong. "Mar earst sille we twa dagen genietsje fan dizze oerwinning, moandei meitsje we ús klear foar Go Ahead Eagles."

Cambuur stiet nei 27 wedstriden noch altyd oan kop fan de earste difyzje. De Ljouwerters hellen 66 punten en ha in foarsprong fan njoggen punten op nûmer twa De Graafschap. Nûmer trije NAC Breda stiet dêr wer 4 punten achter. Beide efterfolgers ha noch wol in wedstriid tegoede.

(Advertinsje)
(Advertinsje)