Cambuur makket it dreech, mar wint wol fan Telstar

Sportklup Cambuur hat Telstar mei 3-1 ferslein. De Ljouwerters makken it harrensels yn it Cambuurstadion ûnnedich dreech troch in soad grutte kânsen te missen tsjin de middenmoter.
© Orange Pictures
Cambuur woe optimaal profitearje fan twa ferliespartijen fan konkurrint Almere City troch sels Telstar, dat in grut tal basisspilers miste, te ferslaan. Dat wie ek te sjen, want de ploech fan Henk de Jong sette oanfallend útein yn it Cambuurstadion. Dat soarge al nei alve minuten foar in doelpunt: in moaie lob fan Doke Schmidt waard oppikt troch Jarchinio Antonia, dy't de bal foar it doel pleatste. Robin Maulun koe de bal yn de hoeke fan it doel skowe.

Telstar griemt, mar Cambuur ek

Noch gjin tsien minuten letter rekken de Wite Liuwen it efkes hielendal kwyt doe't se rûn it eigen sechtjinmetergebiet mei de bal omgriemden. Robert Mühren makke dêr gebrûk fan troch de bal oer doelman Jasper Schendelaar binnen te prikken.
De Ljouwerters krigen in tal grutte kânsen op de 3-0, mar ûnder oaren ynfaller Giovanni Korte (kaam yn it fjild foar de blessearre Issa Kallon) en Ragnar Oratmangoen hiene it fizier net op skerp.
Wylst Telstar eins de hiele earste helte neat wist te kreëarjen, kamen se dochs ta skoaren. Cambuur hie de saken efteryn ek net goed foarinoar en Rashaan Fernandes profitearre: 2-1.

It bleau spannend

Krekt as foar skoft wie it Cambuur dat yn de twadde helte yn de oanfal wie en dat levere Antonia nei tsien minuten de 3-1 op. De fleugeloanfaller luts nei binnen en pegele de bal yn de fiere hoeke.
De Ljouwerters besochten yn de rest fan de twadde helte noch wol om de foarsprong út te wreidzjen, mar op in miste frije traap fan Mühren en in hurd skot fan Jamie Jacobs nei kaam Cambuur dêr net mear by yn de buert.
Dêrtroch bleau it spannend, want Telstar kaam noch in tal fan kearen foar it doel fan Sonny Stevens, ûnder oaren troch fiif hoekskoppen. In doelpunt makken se lykwols net mear.

Op wei nei kampioenskip

Cambuur stiet nei 27 wedstriden noch altyd oan kop fan de earste difyzje. De Ljouwerters hellen 66 punten en ha in foarsprong fan njoggen punten op nûmer twa De Graafschap. Nûmer trije NAC Breda hat 53 punten. Beide efterfolgers ha noch wol in wedstriid tegoede.
SC Cambuur - Telstar 3-1 (2-1). 11. Maulun 1-0, 19. Mühren 2-0, 44. Fernandes 2-1, 56. Antonia 3-1.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Bangura (80/Sambissa), Schouten, Mac-Intosch, Schmidt; Oratmangoen (80/Ladan), Hoedemakers (46/Ter Heide), Maulun; Kallon (28/Korte), Mühren, Antonia (70/Jacobs).