Froulju Hearrenfean spylje lyk tsjin koprinner Ajax

05 mrt 2021 - 21:38

De froulju fan Sportklup Hearrenfean ha freedtejûn lyk spile tsjin Ajax. Yn Amsterdam waard it 1-1. Dêrmei hellen de Feansters in knap lykspul tsjin de koprinner, dêr't Sherida Spitse fan Snits yn de basis stie.

Foto: Orange Pictures

Al nei tweintich minuten krige Hearrenfean in tsjinslach: de fan Ajax hierde Kelly Zeeman moast it fjild blessearre ferlitte. Se waard ferfongen troch Elze Huls.

Nettsjinsteande de ôffaller wie it Hearrenfean dat nei in goed healoere op foarsprong kaam doe't Kirsten van de Westeringh in foarset binnenkopte. Krekt foar skoft waard it lykwols wer lyk troch in doelpunt fan Marjolein van den Bighelaar.

De Feansters krigen yn de twadde helte in tal goeie kânsen en besochten mei trije wiksels yn de lêste minuten fan de wedstriid noch it ferskil te meitsjen, mar in doelpunt levere dat net mear op. Ajax krige dat lykwols ek net foarinoar, dus de 1-1 stân by skoft wie fuort ek de einstân.

Kampioenspûl

Hearrenfean moat by de bêste fjouwer einigje om mei te dwaan yn de kampioenspûl. De Feansters stean mei noch fjouwer wedstriden te gean op it fiifde plak mei 11 punten. Tiisdei spilet de ploech fan Roeland ten Berge tsjin nûmer fjouwer ADO Den Haag, dat no 4 punten foarsprong hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)