Segers (ChristenUnie) yn It Polytburo: Lelyline moat der komme

05 mrt 2021 - 20:27

It nije kabinet moat de moed ha om te kiezen foar de Lelyline. Dat seit listlûker Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie yn It Polytburo. VVD-listlûker Mark Rutte sei yn itselde programma fan 'e wike dat hy earst de ekonomyske gefolgen fan de coronakrisis ôfwachtsje wol. Segers begrypt neat fan dy slach om 'e earm.

Wat Segers oanbelanget komt dy spoarferbining der. Hy fynt it fan belang dat de regio's yn ús lân goed mei-elkoar ferbûn wurde. Dat is goed foar Fryslân, sa seit er, mar ek om de wenningneed yn de Rânestêd te bestriden.

Gjin begryp foar WW-plan Wopke Hoekstra

Gert-Jan Segers hie gjin inkeld begryp foar de opmerking fan CDA-listlûker Wope Hoekstra. Dy pleite foar in ferkoarting fan de WW, fan twa nei ien jier. Krekt yn dizze ekonomysk ûnsekere tiiden kinne je dit minsken net oandwaan, sa liet de ChristenUnie-lieder witte.

It Polytburo sjocht mei listlûkers fan ferskate partijen foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Gert-Jan Segers wie de sânde gast yn dizze rige. Earder kamen Mark Rutte (VVD), Esther Ouwehand (Partij voor de Dieren), Sigrid Kaag (D66), Lilianne Ploumen (PvdA), Wopke Hoekstra (CDA) en Lilian Marijnissen (SP) del.

De ChristenUnie hat de ôfrûne fjouwer jier yn it kabinet sitten. Mei de VVD, it CDA en D66 foarmet de partij de regearing. De partij hat op it stuit fiif sitten yn de Twadde Keamer. Yn tsjinstelling ta in protte oare partijen dy't mei de VVD yn in kabinet sitte, docht de partij it prima yn de peilingen. De ChristenUnie soe der samar ris wat sitten by krije kinne oer goed oardel wike. Mar wat wol de partij eins mei tema's dy't spylje yn Fryslân?

Minder grutte feesteapel, mar boeren helpe

De ChristenUnie fynt lykas guon oare partijen dat de feesteapel minder grut wurde moat. It lânboubelied fan de ôfrûne desennia hat derfoar soargje dat it lykwicht tusken de sektor en de natuer fersteurd is. De kommende tsien oant fyftjin jier wol de partij ta nei in melkfeehâlderij dy't folslein grûnbûn is.Sokke maatregels soenen derfoar soargje dat der minder stikstof de loft yngiet en dat is wer better foar de natuer.

As boeren beslute om op te hâlden, wol de ChristenUnie dat de grûn dy't dêrtroch frijkomt safolle mooglik beskikber bliuwt foar lânbou. In nij boerebedriuw moat dan wol safolle mooglik oan kringlooplânbou dwaan. Boeren dy't sels omskeakelje nei kringlooplânbou, ha yn de earste jierren faak in protte ekstra kosten, mar dat jild krije se no net werom. De ChristenUnie wol boeren stimulearje om dy oerstap te dwaan troch se finansjeel te stypjen.

Dêrnjonken moatte boeren ekstra beleanne wurde as se goed wurk dogge foar it bistewolwêzen en it miljeu. Dat jild moat komme út in fûns mei jild fan supermerken, wat de ChristenUnie oanbelanget. Supermerken moatte de konsumint ek stimulearje om safolle mooglik produkten te keapjen dy't yn de buert makke binne.

Natuergebieten ferbine

De partij wol foarkomme dat grutte iepen lânskippen lytser wurde. Sokke lânskippen ha we ûnder oare op it fêstelân yn Fryslân en yn Waadgebiet. Fierder wol de partij dat de gebieten dy't no oanwiisd binne as Natura 2000-gebieten op syn lêst foar 2030 mei elkoar ferbûn binne.

Yn totaal wol de partij dat de stikstofdelslach in stik minder wurdt. De delslach foar stikstof is tige skealik foar in protte natuer yn ús lân. Alle sektoaren dy't soargje foar in soad útstjit, moatte meihelpe om dat te ferminderjen. De partij neamt de lânbou, it ferkear en de yndustry.

Om foar skjinnere enerzjy te soargjen, wol de partij ynsette op wynenerzjy en sinne-enerzjy op lân. Mar de ChristenUnie wol ek wynmûnen op see ha.

Gjin gaswinning by Holwert

Dat soart oplossingen moatte der allegear foar soargje dat Nederlân minder ôfhinklik wurdt fan gas. De gasfjilden yn Grinslân wurde hieltyd minder brûkt. Dêrtroch wurdt no wol sjoen nei lytsere gasfjilden, wêrfan't der in soad yn Fryslân lizze. As der skea ûntstiet troch mynbou, moat dat fergoede wurde, fynt de ChristenUnie. Dat jildt net allinnich foar skea yn Grinslân, mar ek yn Fryslân.

De partij wol fierder dat de fergunningsferliening foar gaswinning by Holwert stopset wurdt, omdat de sâlt- en gaswinning dêr net past by de status dy't it Waadgebiet hat. Dat is in UNESCO-wrâlderfgoed.

Leechsteande gebouwen brûke foar wenningromte

Lykas alle partijen wol de ChristenUnie in hiel soad nije hûzen bouwe. De partijen wolle dat omdat der op it stuit in grut hûzetekoart is yn Nederlân. Dêr ha we yn Fryslân ek lêst fan. De ChristenUnie wol dat der alle jierren 100.000 hûzen by komme, wêrfan't in grut part nei starters en âlderein giet.

De partij wol it tekoart diels oplosse troch in protte leechsteande gebouwen te brûken om yn te wenjen. It giet dan om winkels en bedriuwspannen, mar ek agraryske bebouwing as boeren ophâlde mei har bedriuw.

As der minsken weilûke út guon regio's, dan moat de kwaliteit fan de foarsjenningen yn de buert noch wol goed bliuwe. De partij wol dêrom yn alle gefallen ekstra jild nei ûnderwiis yn de saneamde krimpregio's. En gemeenten krije mear jild om aktiviteiten te organisearjen yn buert- en doarpshûzen.

15 miljard nei iepenbier ferfier

De partij wol ek 15 miljard euro stekke yn it iepenbier ferfier. Dat giet dan ûnder oare nei de oanlis fan de Lelyline en dûbeld spoar tusken Ljouwert en Feanwâlden. De partij wol der ek foar soargje dat der ek iepenbier ferfier riden bliuwt yn gebieten dêr't minder minsken wenje. Ynwenners fan tinner befolke gebieten moatte net ôfhinklik wêze fan in auto, mar ek mei it iepenbier ferfier op oare plakken komme kinne.

Automobilisten moatte in priis de kilometer betelje, wat de ChristenUnie oanbelanget. De partij wol regio's ûntsjen dêr't it iepenbier ferfier minder goed is.

Fierder wol de partij dat de iepening fan Lelystad Airport net trochgiet. Minsken moatte minder faak it fleantúch pakke, fynt de ChristenUnie, dus dan hoecht der ek gjin ekstra fleanfjild iepen. Yn Fryslân binne der ek lûden tsjin de iepening fan dat fleanfjild, út eangst foar mooglik lûdsoerlêst.

Struktureel jild nei gemeenten foar soarch

Trochdat in protte soarchtaken lykas jeugdsoarch en de Wmo yn 2015 fan it Ryk nei de gemeenten gong binne, ha gemeenten te krijen mei grutte tekoarten. Benammen de útjeften yn de jeugdsoarch binne heech. It idee om dy soarchtaken te ferpleatsen wie dat gemeenten folle better ynskatte kinne watfoar soarch der nedich is. Tagelyk ha de gemeenten net it jild krigen dat dêrfoar nedich is. De ChristenUnie wol dat der in hegere bydrage út it Ryk komt.

Fierder wol de partij sjen nei hoe't de akute soarch oeral berikber is. Trochdat yn kaart te bringen, wol de paritj derfoar soargje dat it grutste part fan de spoedeaskjende help yn alle regio's beskikber is.

Twa Friezen op de list

By de kommende ferkiezingen hat de ChristenUnie twa Friezen op de list stean. Fan dy twa stiet Carlijn Niesink it heechst. It Ljouwerter riedslid stiet op plak 19. Gewoanwei is dat net genôch foar in plak yn de Twadde Keamer. De ChristenUnie docht it wol goed yn de peilingen, mar net sa goed dat se yn de buert fan de tweintich sitten komme. Yn trochsneed komt de partij yn de peilingen út op fiif oant sân sitten. De twadde Fries op de list is Andries Bouwman, op plak 27. Hy is op it stuit wethâlder yn Tytsjerksteradiel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)