De knop moat om by Hearrenfean: "Alles eruit halen wat erin zit"

06 mrt 2021 - 16:45

Nei de útskeakeling yn de beker moat SC Hearrenfean him wer rjochtsje op de kompetysje. Mei noch tsien wedstriden te gean wol de ploech him pleatse foar de play-offs foar Europeesk fuotbal. Dêrfoar moat Hearrenfean by de earste acht einigje. En dus moat de knop om.

Johnny Jansen sjocht foarút nei Hearrenfean-ADO

Johnny Jansen: "We hebben er gisteren (tongersdei, red.) nog met elkaar over gesproken. En Pawel Bochniewicz zei het heel goed. We waren tegen Ajax niet goed genoeg, maar er is nu nog één doel en dat is de play-offs halen en winnen."

Ik heb in de kleedkamer mijn excuses aangeboden.

Mitchell van Bergen oer syn miste kâns tsjin Ajax

Yn de heale finale fan de TOTO KNVB beker waard Hearrenfean troch Ajax fan de matte ôffage. De Amsterdammers dominearren de folsleine wedstriid en wûnen fertsjinne mei 0-3. Hearrenfean krige eins mar ien grutte kâns. By in 0-2 tuskenstân gie Mitchell van Bergen allinnich op Ajax-doelman Maarten Stekelenburg ôf, mar hy miste.

Van Bergen: "Ik heb in de kleedkamer mijn excuses aangeboden. Want dit zijn de kansen die je moet maken. Ik doe het natuurlijk niet met opzet, maar ik moet hier beter mee omgaan. Ik moet gewoon rustig blijven voor de goal. Als ik de bal naar links tik en hem dan met links binnenschiet, dan is 'ie raak. Nu probeerde ik de bal te "chippen" en dat lukte niet."

Striid om de play-offs

Hearrenfean stiet no tsiende en de efterstân op nûmer acht FC Utrecht is fjouwer punten. Boppedat hat de Utrechters noch in wedstriid tegoede. Om noch mei te dwaan yn dy striid foar Europeesk fuotbal, mei Hearrenfean net in soad misstappen mear begean, wit ek Jansen.

"We spelen nog tien wedstrijden en dus zijn er nog een heleboel punten te verdelen. En wat je ziet is dat die groep wel redelijk dicht bij elkaar blijft. Voor ons is het de kunst om van wedstrijd naar wedstrijd te gaan leven en alles eruit te halen wat erin zit."

Mitchell van Bergen oer Hearrenfean-ADO

De wedstriid SC Hearrenfean - ADO Den Haag is sneontejûn en begjint om 20.00 oere. De wedstriid is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân Radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer.

Er moet tegen ADO weer een elftal staan die de tegenstander wil opvreten.

Johnny Jansen

ADO Den Haag fjochtet tsjin degradaasje. De ploech fan trainer Ruud Brood stiet op it 17e plak en wachtet al njoggen wedstriden op wer ris in oerwinning. De lêste trijepunter wie op 9 jannewaris tsjin RKC (0-1). Dochs sil it foar Hearrenfean net in ienfâldich putsje wurde om ADO oan 'e kant te setten.

"En we moeten geduldig zijn en niet zomaar in het mes van een counter van ADO lopen. ADO is na de winter wel veel stabieler geworden. Ze hebben er veel ervaring bij gekregen", sa seit Jansen. "Het wordt de kunst om ze kapot te voetballen. Dat kunnen we bij momenten heel goed, maar we hebben daar soms ook wel wat moeite mee. Maar boven alles moet er weer een elftal staan die de tegenstander wil opvreten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)