Earste ljipaai fan 2021 leit net yn Fryslân

05 mrt 2021 - 19:37

It earste ljipaai fan 2021 is fûn yn de provinsje Utrecht. It nêst lei yn Wilnis, yn de gemeente De Ronde Venen. It wie in ientsje. It aai is fûn troch Otwin Nonnekes.

Foto: LandschappenNL

It earste aai fan Nederlân is yn de ôfrûne 10 jier twa kear yn Fryslân fûn. Dat wie yn 2019 by Vegelinsoard, en yn 2012 by Aldehaske.

Neffens lânskipsorganisaasje LandschappenNL is mei de fynst fan it earste aai it greidefûgelseizoen fan start gien. Frijwilligers geane it fjild yn om de nêsten te finen en te beskermjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)