De 'Cannastembus' rydt troch Fryslân: fan Ljouwert nei Appelskea

05 mrt 2021 - 17:55

It is in opmerklik gesicht yn Ljouwert, de Cannastembus rydt troch Fryslân hinne. Ferskate partijen wolle mei in kampanje omtinken freegje foar it kannabisbelied yn ús lân, yn oanrin nei de ferkiezingen.

De 'Cannastembus' yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Foarsitter Derrick Bergman fan Stichting Verbond voor Ophefffing van het Cannabisverbod (VOC) rydt mei de bus troch it hiele lân hinne. It biedwurd: 'Geef de plant jouw stem.' Neffens de stipers fan de bus it it drugsbelied yn it lân bryk.

Minsken soene dêr rekken mei hâlde moatte mei de ferkiezingen, fynt Bergman. "We zijn begonnen op het plein bij de Tweede Kamer in Den Haag, we hebben daar veel Kamerleden in de bus gekregen. Alleen de christelijke partijen en de VVD niet, maar ik sluit niet uit dat het nog gaat lukken. Uiteindelijk komen we daar ook weer terug. De bus is coronaproof en rookvrij. We roken alleen af en toe buiten de bus."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn Fryslân rydt de bus ûnder oare by Suver Nuver del, de produsint fan wytoalje. Mar Bergman sil ek by de bekende wyttylder Doede de Jong fan Appelskea del. "Tot mijn geluk is Doede een goede vriend van mij geworden. Na het wegvallen van Joep Oomen bij VOC heeft hij de taak overgenomen om de vergaderingen te leiden. Hij doet dat meesterlijk."

Ljouwert docht it goed

Neffens Bergman docht Ljouwert it goed mei 12 coffeeshops as lytse provinsjestêd: "Het mooie is dat coffeeshops niet de vijand zijn van de overheid, maar de bondgenoot van de overheid. Want de coffeeshop zorgt ervoor dat mensen niet op straat roken, dat er een leeftijdsgrens wordt gehanteerd, dat er toezicht is en mensen kunnen leren hoe ze met cannabis om kunnen gaan. Dus met veel coffeeshops zit je goed. Bovendien kun je dan kiezen waar je heen wilt gaan."

Kannabis-enerzjylabel

De meast kannabis-freonlike partijen binne Bij1 en de Piratenpartij, sa socht bliken. "We hebben een soort energielabel samengesteld waar je op kunt kijken wie het meest cannabisvriendelijk is. Bij1 en de Piratenpartij scoren het hoogst. Daaronder volgen partijen als GroenLinks en D66."

Ferslachjouwer Onno Falkena giet mei de Cannastembus mei

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(Advertinsje)
(Advertinsje)