Hûndert persint skoare foar De Laat en Knegt op earste dei WK

05 mrt 2021 - 16:55

Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt hawwe freed op de earste dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack yn Dordrecht dien wat se dwaan moasten. Op alle trije de ôfstannen hellen de Fryske shorttrackers de folgjende ronde. Dat jildt ek foar tredde Nederlanner, Dylan Hoogerwerf. Dat slagge ek de Nederlânske froulju, wêrûnder Suzanne Schulting, wêrtroch't eltsenien sneon en snein werom komme mei.

500 meter

De Laat hie de dreechste startposysje, nammentlik as bûtenste. Mar, hy luts op de koartste ôfstân fuortendaliks it inisjatyf nei him ta en einige rom as earste. Knegt joech foarôf oan dat hy it minste ferwachte fan de 500 meter, om't syn start noch net geweldich is. Dochs wûn hy ek syn foarronde, wêrtroch't beide Friezen trochgeane nei de kwartfinale fan sneon. Dêryn komt ek Hoogerwerf yn aksje.

Foto: Orange Pictures

1.000 meter

Yn syn foarronde kaam Knegt ûnder oaren Sandor Liu tsjin, ien fan de Hongaarske favoriten. Beide manlju rêden it ienfâldich op en pleatsten harren foar de kwartfinalen fan snein. De Laat hat op papier net in al te drege opjefte op de 1.000 meter en dat liet hy ek sjen. De Ljouwerter wûn syn heat mei oermacht en is der yn de kwartfinale ek by. Datselde jildt foar Hoogerwerf, dy't as tredde yn syn heat einige, mar taheakke wurdt as ien fan de twa rapste nûmers trije.

It wrâldkampioenskip shorttrack begjint freed yn Dordrecht. Op de earste dei binne de kwalifikaasjes foar de trije ôfstannen. Sneon binne de finalen fan de 500 en de 1.500 meter en de heale finalen fan de relay. Snein is de slotdei en dan fine de 1.000 meter, superfinale en de finalen fan de relay plak. Omrop Fryslân is der it hiele wykein by en docht op de ferskate poadia ferslach fan it WK shorttrack.

1.500 meter

Beide Fryske riders troffen inoar yn deselde kwartfinale op de 1.500 meter. De Rus Konstantin Ivliev en de Let Reinis Berzins makken it De Laat en Knegt lestich, mar úteinlik rêden de Friezen it op. De Laat finishte as earste en Knegt waard twadde. De tredde Nederlanner Hoogerwerf pleatste him ek foar de heale finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)