Noord Nederlands Orkest mei in 'son et lumière' by it Princessehof te sjen

05 mrt 2021 - 16:38

It Noord Nederlands Orkest (NNO) en Keramiekmuseum Princessehof wurkje gear yn it projekt Maria Louise was here. Yn de simmer binne der yn de paleistún fan de Princessehof fideoprojeksjes te sjen mei muzyk fan it NNO. De audio-opnamen foar it projekt wiene freed yn stedsskouboarch De Harmonie.

Gearwurking NNO en Princessehof

"Het is een feest om weer te mogen spelen, het verzoek van het Princessehof was een geschenk uit de hemel", seit Marcel Mandos, artistyk lieder fan it Noord Nederlands Orkest. De musisy spylje freed yn De Harmonie in stik dat opnommen wurdt foar in evenemint dat yn de simmerfakânsje yn de paleistún fan it keramykmuseum is.

"We werken graag samen met grote noordelijke instellingen, dat werkt verbinden", sa fynt Mandos. "Het is juist nu heel fijn om dit te doen. Normaal gesproken zitten we nu voor het hele jaar volgepland, maar door corona viel alles open en weg."

Son et lumière

It projekt is ynspirearre troch saneamde Frânske Son et Lumière's: lûd- en ljochtshows by lokaasjes mei in histoaryske betsjutting. De fraach kaam by de gemeente Ljouwert wei, dy't mear dwaan wol mei it tema 'Ljouwert Nassaustêd', om mear toeristen nei Ljouwert te lûken. "We wolle omtinken jaan oan de stammem fan ús keningshûs, Maria Louise van Hessen-Kassel, dy't ea yn it museum wenne hat", fertelt Femke Haijtema fan it Princessehof. "Dat dogge we mei in teäter-, fideo- en muzykstik."

Fan 9 july ôf kinne besikers acht wykeinen lang yn de paleistún fan it Princessehof it evenemint meimeitsje.

Harkje nei de reportaazje

Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)