Gebietsferbod foar 16 jongelju nei oerlêst Harns

De boargemaster fan Harns hat in gebietsferbod jûn oan 16 jongelju yn de leeftiid fan 13 oant en mei 20 jier, dy't ferantwurdlik wêze soene foar oerlêst, fernielingen en in driigjende sfear yn de stêd. Dat meldt de gemeente. It gebietsferbod jildt foar in moanne.
De kûpuere yn de haven fan Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sûnt heal oktober is it ûnrêstich yn de binnenstêd. Neffens de gemeente is der swier fjoerwurk ôfstutsen, krystfersiering yn de brân stutsen, in obstakel op de wei set, ruten binne ynsmiten, bewenners 'onheus' bejegene, en der is ek mei aaien smiten.
"Door deze overlast wordt de openbare orde en veiligheid en de woon- en leefomgeving van de inwoners van de binnenstad in ernstige mate aangetast", meldt de gemeente.
Meardere petearen fan de plysje en de boargemaster mei de jongerein en de âlden ha net holpen. Dêrom tinkt de gemeente dat de kâns bestiet dat de jongelju opnij in misse set dogge. Alle kearen dat se dochs de binnenstêd yn komme, krije se in boete fan 300 euro. Dy kin oprinne oant maksimaal 1500 euro.
Boargemaster Roel Sluiter fan Harns