Drachtster krijt boete foar mishanneling en hierlûken by plysjefrou

05 mrt 2021 - 15:45

In 54-jierrige Drachtster is feroardiele foar it mishanneljen fan in plysjefrou. Dat barde mei in hússiking by de mem fan de fertochte yn maart 2018. Sy krigen it mei-inoar oan de stôk en de fertochte luts dêrby in toppe hier út de holle fan de aginte wei. De frou hat in boete krigen fan 250 euro en moat 200 euro smertejild oan de plysjefrou betelje.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fertochte kaam by de wrakseling tsjin in ferwaarming oan, mar neffens de offisier fan justysje wie de plysjefrou net te fier gien. De offisier easke 350 euro, de rjochter hat dêr 250 fan makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)