172 nije coronabesmettingen yn Fryslân, fiif nije stjergefallen

It RIVM meldt freed 172 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der tsien mear as tongersdei, doe gie it om 162 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 153 besmettingen konstatearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne dei meld yn de gemeenten Ljouwert (41), Súdwest-Fryslân (25) en Waadhoeke (23).
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren fiif Friezen ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus, ynwenners fan de gemeenten Hearrenfean (2), Ljouwert (1), Waadhoeke (1) en Dantumadiel (1). Der binne gjin Friezen it sikehûs yn rekke mei it coronafirus.

Lanlike sifers

Lanlik binne der 4.727 nije coronabesmettings konstatearre. Dat is krekt wat mear as it trochsneed fan de ôfrûne wike, dat leit op 4.470.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.