Bernebrêge Surhústerfean ticht: earste folsleine skoalsluting troch corona

05 mrt 2021 - 15:15

Basisskoalle CBS De Bernebrêge yn Surhústerfean is ticht nei in lytse útbraak fan it coronafirus. Foar safier bekend is it de earste skoalle yn Fryslân dy't folslein ticht giet, nei't de skoallen yn it basisûnderwiis in lytse moanne lyn wer iepen mochten.

CBS De Bernebrêge - Foto: ANP

De útbraak yn Surhústerfean is noch beheind, seit Harrie Steenstra. Hy is direkteur-bestjoerder fan skoalkoepel Noventa, dêr't De Bernebrêge ûnder falt. Op it stuit binne twa bern besmet mei it coronafirus. Mar omdat sy kontakt hân hawwe mei allerhanne bern út oare klassen, is de skoalle dochs ticht.

"De twee kinderen zitten in een taalsteungroep met kinderen door de hele school", seit Steenstra. "Ze hebben heel veel contacten. Het zijn dus nog maar twee besmettingen, maar op die manier is het wel een forse olievlek."

Driuwend advys skoalle: lit bern teste

Dêrnjonken sitte der ek in soad learkrêften yn karantêne. "In totaal zeven juffen. Een aantal daarvan hadden vandaag moeten werken. Waar vind ik nu extra vervangers?", freget Steenstra.

De Bernebrêge is yn alle gefallen freed en moandei ticht. "We doen het dringende advies aan ouders om alle kinderen zondag te laten testen. Onze leerkrachten laten zich zondag ook testen. Dat is de vijfde dag na het contact met de besmette kinderen. Als de uitslagen maandag negatief zijn, kunnen we dinsdag weer open."

Harrie Steenstra, direkteur-bestjoerder fan skoalkoepel Noventa

(Advertinsje)
(Advertinsje)