It ferhaal achter: 'Ik fyts gewoan troch'

De Fytsalvestêdetocht op pinkerstermoandei yn 2012 wie net inkeld bysûnder omdat it de 100ste edysje wie, it waard foar ferskillende minsken in tocht om noait te ferjitten. Yn it foarste plak foar Wiebe Idsinga fan Frjentsjer, better bekend as 'de lêste fytser'. "Ik fyts gewoan troch, dan mar gjin medalje" sei er, nei't dúdlik waard dat er net foar middernacht werom wêze soe yn Boalsert.
© Omrop Fryslân
Ek foar ferslachjouwer Janko Krist en kameraman Gerko Jonker wie it in tocht om noait te ferjitten. Se folgen Idsinga yn syn lêste oerkes fan de tocht troch it tsjustere Fryslân.
"Ik woe ris in oare kant fan de Fytsalvestêdetocht sjen litte. It is altyd in gesellige dei mei sjongende minsken lâns de rûte en it waar is altyd moai. It is fansels wol in enoarm lange tocht fan 235 kilometer, dus ik woe it lijen sintraal stelle yn de reportaazje", fertelt Janko Krist.
Janko Krist oer de kwoot
© Omrop Fryslân
Op syk nei in ferhaal wie er mei sin pas jûns op 'en paad gien, sykjend nei fytsers dy't it swier hienen. "We hienen al in soad draaid, mar neat wie leuk. We hienen in mapke meikrigen mei lokaasjes fan de rûte en dêr siet ek it telefoannûmer by fan de biezemwein. Dy ha ik belle om te hearren oft sy noch wat wisten. Doe seinen se dat se in âlde man folgen dy't foar har fytste. Hoewol't we al by de finish yn Boalsert stienen, binne we doe de rûte weromriden. Om toch in ferhaal te hawwen, gokten we op dizze man."

Yes, we hawwe in ferhaal

By de brêge yn Starum kamen se him om 22.01 oere op it spoar. Ut it tsjuster wei seagen se de fytser, wat skean op de fyts, traapjend yn it ljocht fan de koplampen fan de bestelbus achter him. Hy hie doe noch twa oeren de tiid om foar middernacht te finishen. "Ik frege him oft er it helje soe. Hy moast noch 30 kilometer fytse om op 'e tiid oan te kommen. 'Fansels dat besykje ik al', sei Wiebe Idsinga optimistysk. Doe wist ik: okee, it is in Fries, hy praat werom en hy wol meidwaan. Ik stapte wer yn de Omrop-auto en tocht: yes, we hawwe in ferhaal. Al it earder draaide materiaal smite we fuort, we folgje dizze man. It ferhaal wie iens hiel simpel: it draaide om de fraach oft er op 'e tiid de einstreek helje soe."
Underweis woe Janko Krist de man wat better kennen leare. "Ik woe eins witte oft er ek in frou hie. Dat woe ik net planút freegje, dus stelde ik de fraach oft der ek ien op him wachte yn Boalsert." Hy folge de tocht en lei fêst wat der barde. Op trije kilometer fan Boalsert helle de organisaasje him nei de kant; it wie doe healwei ienen. "Ik mei jo net mear gean litte" wie de opdracht. Uteinlik joech Idsinga belies. As er yn de bus stapte, soe er dochs syn medalje krije.

Wrâldferneamd

De reportaazje waard hiel faak besjoen en wûn yn 2013 de Gouden NL Award, in priis fan alle regionale omroppen en ek de Prix Circom, in Europeeske priis foar programma's fan regionale omroppen. Wiebe Idsinga waard in ferneamd man. "Ik wit dat er it jier dêrnei wer de Fytsalvestêdetocht riden hat en dat wie in soarte fan segetocht. Oeral koenen minsken him, en rôpen se him ta. Dat fûn er wol moai." Sels wurdt Janko Krist net werkend op strjitte. "Ik kom fansels net mei myn kop op telefyzje en dat fyn ik hielendal prima. Mar as se my dan werkenne is it fuort fan 'Goeie, wat binne jo oan it dwaan?'"

Tichtby de minsken

De krêft fan HEA! is neffens Janko Krist dat it tichtby de minsken stiet. "Ast witte wolst hoe't it echte libben yninoar stekt, hoe't minsken yn Fryslân wenje en wurkje, wat se dogge yn it deistich libben en wat se belangryk fine, sjoch dan nei HEA! It programma is tiidleas, leechdrompelich en licht fan toan." In reportaazje is foar him slagge as it ûnderhâldend is. "It kin nergens oer gean, mar wol fermaaklik wêze. Om geastlik sûn te bliuwen is it oan te rieden om nei HEA! te sjen."
De lêste fytser

Film

Janko Krist wurket net mear foar HEA! Hy is as regisseur dwaande in spylfilm op te nimmen mei Emiel fan De Hûnekop, dêr't er ek it skript mei skreaun hat. As it fanwegen corona mei sit, sil dy nei de simmer te sjen wêze.
HEA! is in programma op telefyzje oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. HEA! is te sjen fan tiisdeis oant en mei tongersdei om 17.15 oere en 17.45 en wurdt alle oeren dêrnei werhelle om kertier oer en kertier foar.
Dit is in artikel by de kampanje 'Kom fierder' fan Omrop Fryslân. Wolst mear lêze en bist nijsgjirrich nei ús oare programma's? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/komfierder