Provinsje betellet ûndersyk nei takomst brune float

05 mrt 2021 - 14:09

De provinsje Fryslân betellet, mei Oerisel en Flevolân, in ûndersyk nei de finansjele takomst fan de brune float. De skippers hawwe it dreech om jild by banken liene te kinnen foar duorsume ynvestearrings. It ûndersyk moat útwize oft in eigen ynvestearringsfûns mooglik is.

Protest brune float foar Pampus - Foto: Nynke Elzinga

De brune float bestiet út goed fjouwerhûndert histoaryske sylskippen, dy't benammen noch op de Iselmar, Markermar en Waadsee farre. De histoaryske sylskippen binne tsjintwurdich yn de feart feart foar fakânsjes en útstapkes.

Sa'n oanbod is in kommersjele ûndernimming en dêrom kinne de skippers net telâne by kulturele fûnsen. Mar it histoarysk erfgoed is wer net kommersjeel genôch om by in bank in liening ôfslute te kinnen.

Wrâlderfgoed

Ynvestearrings binne lykwols hurd nedich om miljeumaatregels nimme te kinnen. Der is ek jild nedich om de skippen foldwaan te litten oan de coronamaatregels. Troch de coronakrisis hat de float de omset yn 2020 kelderjen sjoen, wylst 2021 der ek noch net geunstich útsjocht.

De Oeriselske deputearre Eddy van Hijum hat foarsteld de brune float oan te wizen as wrâlderfgoed, wêrtroch't de skippen in beskerme status krije soene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)