Flaterleaze earste dei foar Schulting op WK shorttrack

05 mrt 2021 - 13:04

Suzanne Schulting is de earste dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack probleemleas trochkaam. Yn de foarwedstriden fan de 500, 1.000 en 1.500 meter wûn Schulting al har races. Ek de twa oare Nederlânske froulju, Xandra Velzeboer en Selma Poutsma, pleatsten har foar de folgjende rondes. Dat jildt net foar Tineke den Dulk, de Ljouwerter shorttrackster dy't foar België rydt.

500 meter

Yn har heat op de 500 meter ried Schulting fan de start ôf oan de lieding en finishte sy mei meters foarsprong op de nûmer twa. Dêrmei pleatst sy har foar de kwartfinale fan sneon. Datselde jildt foar Velzeboer en Poutsma. Den Dulk wurdt yn har heat twadde efter de Poalske 500 meter spesjaliste Natalia Maliszewska. Dêrtroch start se sneon ek yn de kwartfinale.

Ljouwerter Belch

Tineke den Dulk is in Ljouwerter shorttrackster dy't sûnt koart foar België útkomt. It WK yn Dordrecht is har earste toernoai as 'Belch'. De reden dat se dy nasjonaliteit oanfrege hat, is dat se noch net klear is mei it shorttrack, mar wol ynseach dat se yn Nederlân gjin kânsen krije soe. Dêrom hat se de kar makke om foar België út te kommen. Se wennet no sûnt in jier yn Hasselt en se hopet oer in jier meidwaan te kinnen oan de Olympyske Spelen. Yn 2019 makke se noch ûnderdiel út fan de Nederlânske relayploech, dy't Europeesk kampioen waard.

Tineke den Dulk yn it midden - Foto: ANP

1.000 meter

Ek op de 1.000 meter oerhearske Schulting. Se finishte yn har ronde foar de Italiaanske Ariana Fontana, dy't in konkurrint wêze kin yn de striid om de wrâldtitel. Yn de problemen kaam Schulting lykwols net op de 1.000 meter. Ek Poutsma en Velzeboer geane troch. Den Dulk waard útskeakele mei in penalty.

1.500 meter

Op de langste ôfstân sieten de trije Nederlânske froulju byinoar yn de kwartfinale. Trije geane der troch en Schulting, Poutsma en Velzeboer spilen dat tûk út en einigen as ien, twa en trije. Dêrtroch steane se sneon alle trije yn de heale finale fan de 1.500 meter. Den Dulk waard útskeakele om't se as fjirde einige yn har kwartfinale.

Suzanne Schulting op kop op de 1500 meter - Foto: ANP

It wrâldkampioenskip shorttrack begjint freed yn Dordrecht. Op de earste dei binne de kwalifikaasjes foar de trije ôfstannen. Sneon binne de finalen fan de 500 en de 1.500 meter en de heale finalen fan de relay. Snein is de slotdei en dan fine de 1.000 meter, superfinale en de finalen fan de relay plak. Omrop Fryslân is der it hiele wykein by en docht op de ferskate poadia ferslach fan it WK shorttrack.

(Advertinsje)
(Advertinsje)