Noch hieltyd hurdriders op de Alde Dyk by Bûtenpost

Hurdriders binne noch hieltyd in probleem op de Alde Dyk by Bûtenpost. De gemeente Achtkarspelen hat de dyk oanpast om de snelheid der út te heljen, mar neffens Pleatslik Belang Bûtenpost bliuwe guon auto's te hurd riden. By in snelheidskontrôle binne koartlyn flink wat boeten útskreaun.
Kruising Alde Dyk-Miedwei-Nonnepaed © Atze van der Ploeg
It is de bedoeling dat der yn de takomst faker hanthavene wurdt. Yn de rin fan 2019 binne der ferskate maatregels naam, sa binne der ferskate plato's, drompels en pealtsjes oanlein om de dyk feiliger te meien. It krúspunt mei de Miedwei yn de rjochting fan Twizel en it Nonnepaed nei buorskip Reahel is ek opnij ynrjochte.