Voedselbank-resepteboek: "Lekker ite moat foar eltsenien tagonklik wêze"
Alle klanten fan de Voedselbank kinne de kommende wiken fergees in resepteboek krije, dêr't resepten yn stean mei yngrediïnten dy't in soad yn de itenspakketten sitte. It itensiedersboek is in inisjatyf fan de Jouster Jaap Jonkers, kandidaat-Twadde Keamerlid foar it CDA. Ek telefyzjekok Reitse Spanninga skreau mei oan Samen koken we sterker.
In presintaasje fan it boek wie freedtemoarn by de Voedselbank op De Lemmer. Mar Jonkers dielt op ferskate plakken fergees it boek út, dat net allinne drukt is, mar ek as e-book te lêzen is.
Itenspakket-yngrediïnten
De resepten yn it boek binne taskreaun op de ynhâld fan itenspakketten fan de Voedselbank. "We hebben bij veel Voedselbanken een inventarisatie gemaakt wat er in de pakketten zit en welke ingrediënten er meestal voorkomen. Dat verschilt per regio," leit Jonkers út. "Reitse hebben we bereid gevonden om te kijken wat we kunnen met de ingrediënten die vaak in Friese pakketten voorkomen. Op die manier zorgen we ervoor dat de recepten maakbaar zijn met de pakketten die wekelijks uitgereikt worden."
Reitse Spanninga set him der graach foar yn. "Myn slogan is: lekker ite, dat is in foarm fan gelok. En dat moatte je foar eltsenien tagonklik meitsje. Dus it paste my as in jas. Op De Jouwer bin ik ek ambassaseur fan de Voedselbank, dus dit is prachtich." Njonken Spanninga hawwe ek de bekende kok Pierre Wind en studinten meiwurke oan de resepten.
Finansjele stress
Eins is it spitich dat sa'n boek nedich is, jout Jonkers ta. De kleau tusken earm en ryk nimt neffens him ta. "Het resultaat daarvan zien we bij de Voedselbanken. De coronacrisis heeft ook niet bijgedragen aan een afname van het aantal mensen dat gebruik maakt van Voedselbanken. Maar tegelijkertijd is dit ook nog maar het topje van de ijsberg. Want er zijn ongelofelijk veel Friezen en Nederlanders die iedere maand moeite hebben om de eindjes aan elkaar te knopen, maar niet gebruik maken van de diensten van de Voedselbank."
It nije itensiedersboek is der ek foar de minsken dy't net by de Voedselbank komme, seit hy. "Want als je financiële stress hebt is het lastig om na te denken wat je op tafel moet zetten. Wij hopen met dit kookboek een creatieve bijdrage te leveren."
Sla-sop mei drûge woarst
De persoanlike favoryt fan de Jouster is in sla-sop mei Fryske drûge woarst. "We hebben alle recepten ook getest en geproefd. En je zou deze soep ook kunnen maken met andere bladgroenten, zoals spinazie. Dat is de kracht van dit boek: het geeft tips hoe je met net een kleine variatie aan ingrediënten hetzelfde recept kunt maken."