GGD: Friezen fiele har yn coronatiid hieltyd iensumer

05 mrt 2021 - 16:15

Dat it oantal coronabesmettings yn Fryslân ôfrûne wike ôfnaam is, liket in ljochtpuntsje. In soad Friezen fiele har neffens GGD Fryslân lykwols hieltyd iensumer. Se hawwe muoite mei de regel dat se mar ien besiker deis ûntfange meie.

Foto: SRFotografie

Dokter Mees van der Hoff fan GGD Fryslân

Ut in resint panelûndersyk dat GGD Fryslân mids febrewaris útfierde, docht bliken dat in soad ynwenners fan de provinsje noch hieltyd achter de coronamaatregels stean en dat se dy meastal ek neilibje. Se hawwe lykwols de measte muoite mei de regel dat se mar ien besiker deis ûntfange meie. Goed trijekwart seit him hjir noch wol oan te hâlden.

Fan de ûnderfrege panelleden fiele twa op de trije har iensum. By de foarige peiling begjin jannewaris wie dit krekt wat mear as de helte. Minsken oant 40 jier hawwe it measte lêst fan iensumens. Ien op de tolve ûnderfregers hat al in útnûging foar faksinaasje ûntfongen. Fan harren seit trijekwart him te faksinearjen, 14 persint is fan plan in ôfspraak te meitsjen.

Faksinaasjes ha effekt

It faksinearjen liket fertuten te dwaan. Ut de de besmettingssifers yn de ferpleech- en fersoargingshûzen docht bliken dat it oantal positive coronatests ôfrûne wike halvearre. Der wiene 65 besmettings, ûnder wa 30 bewenners, tsjin 143 tsjin in wike earder. Ek it oantal 70-plussers mei corona nimt ôf. Dat jildt ek foar bern yn de basisskoalleleeftyd. By teeners, fyftigers en sechstigers rinne de persintaazjes noch op.

It fynpersintaazje nimt al inkelde wiken ôf en leit no rûn de njoggen persint. Dat is posityf, mar oan de oare kant binne de Fryske coronasifers al lange tiid heech, mei ekstra piken as gefolch fan gruttere útbraken, ûnder oare yn ferskate fersoargingshûzen. By it ferromjen fan de lockdown of oare maatregels leit in groei fan it oantal siken neffens GGD Fryslân op de loer.

Hast 40.000 Friezen faksinearre

De ôfrûne wike hat de GGD 4.156 ynwenners fan Fryslân faksinearre. Foarige wike wiene dat der 7.509. De delgong komt trochdat AstraZeneca minder faksins - bestimd foar soarchmeiwurkers - beskikber stelde. Fan takom wike ôf leveret de farmaseut wer ekstra faksins. Ein maart komme der Pfizer-faksins beskikber.

Yn totaal binne der yn fiif wiken fia de GGD hast 40.000 prippen set by Fryske 80-plussers en soarchmeiwurkers. Dat leit boppe it lanlik gemiddelde fan de GGD'en. Fan takom wike ôf krijt de groep thúswenjende âlderein fan 75 oant 80 jier in útnûging fan it RIVM. Dat is in wike letter as pland.

Bywurkings

GGD Fryslân makket alles klear om minsken tichteby hûs in faksinaasje jaan te kinnen. Ofrûne moandei iepene de faksinaasjelokaasje yn Drachten, takom moandei dy yn Snits. Uteinlik komme der acht fêste priklokaasjes.

It faksin fan AstraZeneca blykt nei de earste prip mear algemiene bywurkings as koarts te hawwen as dat fan Pfizer. Ynstellings krije it advys om meiwurkers spraat te faksinearjen, sadat de soarchferliening net yn gefaar komt. It liket derop dat de bywurkings fan AstraZeneca nei de twadde prip minder sterk binne. By Pfizer sjocht de GGD it tsjinoerstelde. De GGD freget eltsenien om bywurkings te melden by it bywurkingsintrum Lareb.

Teste helpt

GGD Fryslân sjocht dat it testen effekt hat yn bygelyks de gemeente Achtkarspelen. Dy giene nei útbraken yn ferpleechhûzen yn sân wiken tiid fan hast 200 besmettings yn in wike nei 50 de wike. Twa kear sa folle minsken as earne oars yn de provinsje lieten har teste, wat nei alle gedachten bot bydroegen hat oan it tsjingean fan it firus.

Dizze wike lieten 10.376 ynwenners fan Fryslân har teste, krekt wat minder as foarige wike.

(Advertinsje)
(Advertinsje)