Leeuwarder Leeuwtje foar âld-HCL-direkteur Geart de Vries

Ald-direkteur Geart de Vries fan Historisch Centrum Leeuwarden hat tongersdei út hannen fan boargemaster Buma in Leeuwarder Leeuwtje útrikt krigen. Hy krijt de ûnderskieding, in gouden speldsje, foar syn fertsjinsten foar de gemeente Ljouwert, sawol binnen as bûten as bûten syn funksje om.
Boargemaster Buma rikt it Leeuwarder Leeuwtje út oan Geart de Vries. Neist him sit syn frou Liesbeth. © Jacob van Essen/Hoge Noorden
De Vries trede yn 2009 oan by it HCL. Yn syn tiid is it histoarysk sintrum as ynstitút hieltyd mear nei bûten ta kaam. Yn de tarissings nei en yn it Kulturele Haadstêdjier hat De Vries ek in wichtige rol spile.
Dêrfoar wie hy programmamakker en einredakteur by Omrop Fryslân. De Vries hat him altyd bot ynset op kultureel, histoarysk en literêr mêd yn Fryslân en benammen Ljouwert.

Gjin pensjoen

Yn septimber kundige De Vries oan syn funksje as direkteur fan it HCL del te lizzen. Hy is resintlik 65 jier wurden, mar hy giet noch net mei pensjoen. Oant 15 maart is hy waarnimmend direkteur fan it HCL. Meindert Seffinga nimt it stokje fan him oer.
Dêrnei bliuwt De Vries noch oardel jier ferbûn oan de gemeente. Syn wichtichste taak wurdt it ynterviewen fan minsken dy't belutsen wiene by LF2018.