Boargemaster Buma slút wenning yn Ljouwert fanwegen himpkwekerij

05 mrt 2021 - 10:49

In wenning oan de Noordendorpstraat yn Ljouwert is tongersdei troch boargemaster Sybrand Buma sletten om't der himp fûn is. De plysje trof der op 5 jannewaris in himpkwekerij mei 72 himpplanten en 320 himpstekjes oan. De wenning is foar trije moannen sletten.

Drugspân (argyfbyld) - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn de wenning waarden ek himptoppen, lampen, groeimiddels, temperatuerfentilaasjeregelers en koalstoffilters fûn. It is de sechde wente dy't boargemaster Buma dit jier op grûn fan de Opiumwet sletten hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)